Foeke Sjoerds Skoalle op Skier, 1973
Gauris waard der troch groepen fan de FSS meidien oan kuiertochten: de Tulpentocht yn Nes bygelyks of de Oostdongeradeeltocht yn Mitselwier.
It earste jier dat ik hjir skoalmaster wie, kaam der ek in útnoeging om mei te dwaan oan in kuiertocht op Skiermuontseach.
Dat like my wol wat en myn learlingen wiene ek entûsjast.
Master Wiersma hearde der fan en sei dat er yn syn klasse ek guon meidwaan woene.
No toe dan mar!
Hjir de jonges, de fammen rûnen foarop.
De foto is frij wat ‘Skier’, mar neffens my rint Johannes Bosma alhiel links en neist my Andries Haaksma.
Roelof Holtewes efter Johannes en Johan Blom efter Andries
Wa herkent oaren?
Mei 45 bern teagen Joke en ik (wy wiene noch net troud) nei it eilân.
It waard foar ús in heikerwei!
Om 45 bern wat yn ‘e stringen te hâlden falt net ta. Benammen net om’t we hiel lang wachtsje moasten foar’t der kuiere waard.
Doe’t de tocht ôfrûn wie, moasten we wer lang wachtsje foar’t wy mei de boat werom koene. De bern hiene noch lang har nocht net en we ha mei guon bern mar in tochtsje nei de fjoertoer makke as ôflieding!
Oaren ha ûnder lieding wat spultsjes op de dyk dien!
Troch de skiere foto kin ik mar in pear fammen by namme.
Twadde fan rjochts Annette Holwerda en yn de linker rige yn’e midden Meta Rozendal.
Wa wit oare nammen?
Der is noch in tredde foto fan de kuijerploech op Skiermuontseach bewarre.
In grut part sit hjir op de pier fan Holwert te wachtsjen op de boat. Dizze foto is al wat better as de oare twa, mar hâldt ek noch net oer. Ik hie doe noch in lyts bokske mei mar ien knopke, gjin ynstelmooglikheden.
Werkenber binne foar flnr:
Nelly Cuperus, Johan Blom, Siemon Sijtsma, Andries Haaksma, Gerrit B. Brouwer (?), Ulbe Braaksma
Dêrboppe noch Anyt Swart, Hillie de Boer, Gerda van der Ploeg?, Ineke Post, Rennie van der Vliet
By it stek Auke Bosma en Christien de Wilde?
Joke Tolsma sit rjochts yn ‘e hoksen (= hurken).
Wa makket de nammen kompleet?

