Bylden fan in Alderjûn fan de Foeke Sjoerds Skoalle, wat krekter: dy fan 2006. Dizze jûnen ferrûnen meast neffens in bepaald stramyn. Earst iepene it haad fan de skoalle de gearkomste, yn dit gefal wie dat Willy de Groot.
De gearkomsten waarden al hiel lang hâlden yn doarpshûs De Terp, foar dy tiid ek wolris yn ‘It lege lokaal’ fan de skoalle, mar doe wiene it meast noch échte gearkomsten mei oantekens fan de bestjoersgearkomsten en de finânsjes.
Yn letter tiid waarden it mear feestjûnen en waard der ôfskie naam fan de learlingen fan groep 8.
Sûnt 1986 kaam op de Alderjûn Foeke Sjoerds ek op besite. Hy fertelde wat oer it skoallibben en ferklapte betiden allegear bysûnderheden fan de bern en fan it persoaniel fan de skoalle. Foeke Sjoerds waard meast spile troch de persoanen Foeke en Sjoerd, letter gauris Foeke en Sjoerdsje of Foekje en Sjoerd.
Yn dit bysûndere gefal wiene dat Foekje (Anneke Dijkstra) en Sjoerd (Sjoerd Kloostra). Kamen hja earst yn eigen klean it poadium op, letter waard dat mear yn kostúms út Foeke Sjoerds syn tiid.
De teksten foar Foeke Sjoerds waarden om bar troch it personiel skreaun.
It hichtepunt fan de Alderjûn waard foarme troch it optreden fan groep (7) 8 yn in musical en dêrnei it ôfskie fan dizze bern. Dêr binne ek noch wol aardige foto’s fan bewarre bleaun.
Mar ek it optreden fan foardrachtkeunstners hat lange tiid wenst west.
Elk jier waard op skoalle in Foardrachtwedstryd hâlden.
De winnaars fan de ferskillende groepen mochten dan nochris harren gedicht foardrage op de Alderjûn.
Flnr:
Jolanda de Graaf ?, Anne Meinsina Visser (?), Aarushi Dijkstra en Corine Sikkema.
Wa helpt oan de krekte nammen by de fraachtekens?

