Yn de lêste wiken foar de simmerfakânsje fan 1983 waard it earste skoalkamp hâlden. Dat wie yn Gaasterlân op in pleats tusken Riis en Aldemardum. Mei de auto’s der hinne en ûnderdak yn it Lyts Hûs, de kij wiene der út mar de groppe wie der noch en de geur fan de kij hong wie trockringend oanwêzich. In loads wie ynrjochte as ‘rekreaasjeseal’. It wie allegear hiel ienfâldich, de jonges leine ûnder op ‘e sigerige stâl, de fammen sliepten op de souder boppe dy stâl. Hjoed de dei soe soks net mear kinne, mar it foldie ús (en benammen de bern!) skoan. It wie alle dagen skitterend waar, wy binne de bosken yn fleanende faart troch fytst. Yn de earste de bêste skerpe bocht fleach Fokke ûnderút en dy hat doe it hiele skoalkamp mei in tsjûk ferbân om de knibbel rûn! Wy ha yn Starum west nei de haven en ‘Het Vrouwtje van Stavoren’ sjoen, swommen by De Hege Gerzen yn de Iselmar en fansels de lêste jûn ‘Bonte Avond’. De begelieders wiene doe Jannie Braaksma, Wike Kooistra, Zus Torensma, Anne Wiersma en Reinder Tolsma.
Yn 1985 wie der wer in skoalkeamp, dit kear ek wer nei Gaasterlên, mar no op in pleats yn it Beukenbos ûnder Nijemardum. De begelieders wiene doe Zus Torensma, Wike Hoekstra, Sjoerddien Hoekstra en Cor van Toorn.
Yn letter tiid giene de skoalkampen meast nei It Amelân, al ha de bern ek noch ien kear nei Bakkefean west.