Vrienden - Atse Elzinga en Sake ?


Vrienden - Atse Elzinga en Sake ?
©:

It byskrift by dizze prachtige foto fan twa jongkeardels seit: 
Atse Elzinga en Sake Postma. 
Mar wa is Atse en wa Sake? 
Is der immen ûnder de Nijtsjerksters dy’t dat wit? 

Atse en Sake wiene sa’n bytsje buorlju oan De Buorren en Lytse Buorfinne. Sake Postma wenne oan de Lytse Buorfinne, yn it hûs dat no alhiel opknapt wurdt, nei’t Ger Meijer nei Feanwâlden ferhuze. Yn it efterste part. 
Atse wie boer oan De Buorren, letter kapsalon Geartsje. It bedriuw fan Atse Elzinga is om 1984 hinne ferhuze nei it lêste stikje fan de Griene Wei, op nûmer 47, no wennet Ale Siemen van Kammen dêr.

Ek by dizze foto kaam der help fia Facebook. De dochter fan Atse Elzinga, Klara Elzinga, kaam mei de oplossing.
De rjochtse jongkeardel is har heit Atse Elzinga.
De linkse jonge is net de Sake Postma fan de Lytse Buorfinne, mar Sake de Jong fan de Langgrousterwei. Hy is in soan fan Gaatse en Harmke de Jong. Se wennen yn it (fan de buorren ôf sjoen) earste ‘reade húske’. Dizze 8 húskes wiene de earste wenningwenten fan de Wenningstifting fan Eastdongeradiel en binne boud yn 1919-1920. 
Se binne yn 1977-1978 ôfbrutsen en ferfongen troch 10 huzen: Langgrousterwei 28 oant 48.
Mem Harmke wie in ‘stevige’ frou dy’t nei har ferstjerren mar muoilik nei bûten brocht wurde koe. Heit Gaatse dêrfoaroer wie de meagere kant it neist.

© Tekst: Erthee
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s